actueel
1 februari 2024

’t Klaverblêdtsje op Omrop Fryslân

Logo Omrop Fryslân

It Iepen Mienskipsfûns bliuwt, mar mei minder jild en wat minder Frysk

It Iepen Mienskipsfûns om inisjativen út de mienskip te stypjen, bliuwt ek de kommende jierren. Wol wurdt de eask om Frysk te brûken wat minder hurd.
Ferduorsuming fan it doarpshús fan Ravenswâld, jongelju dy’t bandles krije yn Penjum en de digitalisearring fan doarpskrante ’t Klaverblêdtsje fan Langsweagen.
It is samar in oantal saken dy’t mooglik makke is troch it Iepen Mienskipsfûns (IMF) fan de provinsje Fryslân.

Doarpskrante fan Langsweagen

“De kosten foar it drukken fan de doarpskrante rinne bot op”, seit redaksjelid Wietse Bosma fan ’t Klaverblêdtsje, “Wy kamen ta de konklúzje dat wy it noch mar sa’n twa of trije jier folhâlde koene.”

Sûnder de subsydzje koene wy dit gewoan net realisearje.

                                     –   Wietse Bosma fan doarpskrante ’t Klaverblêdtsje
Dus betochten se yn Langsweagen dat de doarpskrante digitaal moast. In moai plan, mar de kosten wiene hast 20.000 euro. Ferskate partijen út de omkriten hawwe dêrby stipe, mar 40 persint fan it budzjet kaam út it Iepen Mienskipsfûns wei. Bosma: “Sûnder de subsydzje koene wy dit gewoan net realisearje.”

Tsien jier foarút

’t Klaverblêdtsje set fuortendaliks útein mei in online pilot. Yn alle gefallen kin de doarpskrante de kommende tsien jier bestean bliuwe. Wietse Bosma hopet dat se in foarbyld wêze kinne foar oare doarpskranten dy’t it dreech hawwe. “En nei dy tsien jier moatte wy wer fierder sjen. Je witte noait wat der dan allegearre wer beskikber is.”
Het hele artikel valt te lezen op Omrop Fryslân, u kunt hiervoor deze link kopiëren en plakken in uw zoekmachine zoals google of safari: https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/16239030/it-iepen-mienskipsfuns-bliuwt-mar-mei-minder-jild-en-wat-minder-frysk

Meer

Lees meer over

Agenda

Proeverij
29 september 2024
Kennismakingsbezoek burgemeester
4 oktober 2024
Bezoek burgemeester Dorpshuis
4 oktober 2024
Kerkdienst
6 oktober 2024
Jubileum uitvoering Advendo
19 oktober 2024
Bestuursvergadering Plaatselijk Belang
16 oktober 2024
3mfy4sdxun3n44w6p9jmknmkq3gg666adsgzpkadkp4qsmjqpj9awpibioqs8533ruyq5gm62z67fhpvny4gmj7tkinp9h69jxw